HOE WURDE DE KAARTEN FAN WIZE WURDEN DRUKT?Webside-proces

De kaarten wurde drukt yn Wâldsein by www.drukvandijk.nl. Op 300 grams mat papier, komme de kaarten goed ta har rjocht. De kaarten binne sa grut as in A6 (dizze passet fjouwer kear yn in A4) en pasje yn de slúfkes dy’t in protte foar ansichtkaarten brúkt wurde. Ek de posters wurde drukt op dit dikke papier. Elke kaart wurdt earst krytysk besjoen foardat dizze de doar út giet.


HOE SIT IT MEI DE KOSTEN FOAR IT FERSTJOEREN?

De transaksjekosten fan ien bestelling binne 45 sinten. Dêrneist betelje wy noch jild om de pakketsjes te ferstjoeren. Om it foar dy as klant maklik te meitsjen, hawwe wy de kosten fêst setten op € 1,95. Foar posters/kalinders is dit € 2,95.


KIN IK SELS EK IN IDEE FOAR IN KAART YNSTJOERE?

Fansels! Wize Wurden makket der dan miskien wol in moaie kaart fan. As dank krije jo dan dit kaartsje fergees opstjoerd.


HOE KIN IK IT MAKLIKST BETELJE?

Dat hinget fan dysels ôf. In protte minsken brúke Ideal, dan wurdt it ôfskreaun fan jo rekken. Jo kinne it bedrach ek sels oermeitsje op de rekken fan Wize Wurden, dit komt op itselde del.


KIN IK EK TE WIIS WURDE AS IK IN PROTTE KAARTEN KEAPJE?

Wannear asto in protte kaarten en/of posters keapest, is it oan te rieden in oantal fan dizze fuort te jaan of op te stjoeren. Sa foarkomst datsto te wiis wurdst en makkest ûndertusken oare minsken ek in stikje wizer. Wat wolst noch mear?


WÊR KIN IK WIZE WURDEN NOCH MEAR FINE, NEIST DIZZE WEBSIDE?

Op Facebook. Op moaie merken mei moaie kreamkes. Yn winkels.


IK HA GJIN JILD, MAR WOL WOL GRAACH IN KAARTSJE HAWWE, WAT NO?

Do hast gjin jild foar in kaartsje, spitich. Dit losse wy op. Krijst fergees in kaartsje tastjoert! Mail efkes nei efkeshifkje@wizewurden.nl en wy meitsje jo graach bliid!


IS IN ÛLE WIIS?

De ûle wurdt yn in protte kultueren as wiis beskôge. Wierskynlik om’t hy net in protte seit, allinne ‘oehoe’. De ûle nimt it sprekwurd ‘Spreken is zilver, zwijgen is goud’ hiel letterlik. Dit kin in reden wêze wêrom de ûle beskôge wurdt as wiis. Foar mear ynformaasje stjoere wy jo graach troch nei https://fy.wikipedia.org/wiki/Ule-eftigen

Krekt nij